It ferhaal fan Veenstra|Fritom

Fan in Opel frachtwein nei dé logistieke tsjinstferliener mei tûke oplossingen.

1928: Begjin famyljebedriuw

De ûndernimmende Wessel Veenstra keapet op 25-jierrige leeftiid syn earste frachtwein: in Opel mei in ienassige oplizzer. Syn seis soannen geane ien foar ien ek oan it wurk by it famyljebedriuw.

1947: Veenstra Expediteurs

Under de Twadde Wrâldoarloch wurdt de frachtwein fan Wessel stikkensjitten troch in Ingelsk reau. Mei tank oan de de Marshallhelp kin hy in nije Ford frachtwein keapje. Tegearre mei syn soannen giet Wessel fierder ûnder de namme Veenstra Expediteurs. Se fokusje harren fan dat stuit ôf al op ynternasjonaal transport, benammen nei Dútslân, België, Italië en Frankryk. De basis foar de hjoeddeiske logistike tsjinsten troch Europa is lein.

1967: Groei en oernimming

It giet goed mei Veenstra Expediteurs; sa goed sels dat it bedriuw ûnderwilens fyftjin frachtweinen en santjin meiwurkers telt. Heit Wessel draacht grutsk it stokje oer oan syn soannen.

Verhaal 1
Verhaal 2

1968: Tegearre sterker

Veenstra Expediteurs giet de gearwurking oan mei twa oare Fryske famyljebedriuwen: Doorenbos en Wiersma. Dy gearwurking resultearret yn de oprjochting fan Melkweg Bolsward. Ofwol, de earste stap rjochting de lettere Fritom Group.


1974: Utwreiding mei fysy

It bedriuw wreidet út en keapet in stik eigen grûn, fier bûten Heech. Ut dizze fêste basis wei streamt de tredde generaasje famylje yn en lûkt it bedriuw ek spesjalisten oan, sa as kommersjele meiwurkers. Mei de krekte persoanen bliuwt Veenstra hurd groeien.

Jierren 80: Untstean fan Eurogroupage

Veenstra makket de oergong fan tradisjonele rûte ferfierder nei groupage- en distribúsje spesjalist. Sa ûntstiet de merknamme Eurogroupage. Klanten stjoere harren opdrachten en Veenstra fersoarget it folsleine logistike proses. Sa kin de klant harren folslein rjochtsje op de kearnaktiviteiten.

 

1998: Fritom

Yn 1998 geane de trije famyljebedriuwen Doorenbos, Wiersma en Veenstra oer nei de Fritom Group, dêr’t it hjoeddeiske Veenstra|Fritom ûnderdiel fan útmakket. Hjoed-de-dei is Fritom in groep fan sân logistike bedriuwen mei tsien fêstigingen: elk mei harren eigen identiteit en spesjalisme. It binne selsstannich operearjende bedriuwen dy’t wêr nedich gearwurkje op it mêd fan kennis en organisaasje. Hjirtroch wurdt foar alle logistike útdagingen de bêste oplossing foar de klant bean.

Notiids: Logistyk tsjinstferliener mei each foar de klant

Mear as njoggentich jier nei de start yn 1928 wurkje op ferskillende ôfdielingen 130 meiwurkers gear oan de bêste logistike oplossingen foar de klant. Us tsjinstferliening bestiet hjoed-de-dei út transport, ekspedysje, warehousing en oare logistike oplossingen. Hjirby stiet it bedriuwskredo ‘ôfspraak is ôfspraak mei bliuwend leauwen yn kwaliteit’ sintraal.

Verhaal 4 FRITOM 024 Oprichters Uitsnede

Wolle jo meer witte oer Veenstra|Fritom?

Veenstra Fritom 72

Wietze de Vries
Sales manager